Plysjemeiwurker oanhâlden foar wytwaskjen en drugs
In meiwurker fan de plysje Noard-Nederlân is oppakt foar ferskate misdriuwen. Dat meldt de plysje.
De agint soe ûnder oare fertochte wurde fan it wytwaskjen fan jild en it besit fan ferdôvjende middels. Dêrnjonken soe der neffens de plysje sprake west hawwe fan 'ernstig plichtsverzuim'. De meiwurker is op dit stuit skorst.