Fyftjin oanmeldings foar coronatest op nije coronatelefoanline

01 jun 2020 - 14:16

Der hawwe har moandei fyftjin minsken oanmeld foar in coronatest. Sûnt moandeitemoarn kinne minsken dy't tinke dat se it coronafirus oprûn hawwe, telefoanysk in test oanfreegje. Dêrneist hawwe har dit wykein noch fiif minsken oanmeld foar in test. Dat meldt GGD Fryslân. Yn totaal wurde der moandei dus tweintich minsken test.

Teste op it coronafirus yn de tinte by Izore - Foto: Omrop Fryslân

Sûnt moandeitemoarn kinne minsken belje mei in spesjale coronatelefoanline, as se klachten hawwe. De fergeze ôfsprakeline gie om 8.00 oere iepen en sûnt dy tiid is it hiel drok. "We zien dat er nu heel veel gebeld wordt met 0800-1202. Probeert u het op een later moment nog eens als u nu lang moet wachten", freget de GGD.

De fyftjin njie oanmeldings is minder as de GGD ferwachte hie. Dat liket goed nijs, mar neffens de sûnenstsjinst kin der pas oan de ein fan dizze wike in echt byld sketst wurde fan de situaasje yn Fryslân. Ek foar tiisdei binne der al oanmeldings, trije minsken wurde dan test.

(Advertinsje)
(Advertinsje)