Skuorre giet yn flammen op yn De Hoeve

In fûle brân hat moandeitemoarn in skuorre achter in wente oan de IJkenwei yn De Hoeve yn 'e jiske lein. De reekwolken wiene út de omjouwing wei goed te sjen.
© ProNews
Doe't de brânwacht arrivearre, stie de skuorre al yn ljochte lôge. De brânwacht sloech grut alarm en alarmearre de korpsen fan Noardwâlde en Wolvegea.
Al gau die bliken dat de komst fan de brânwacht fan Wolvegea net nedich wie. Om't it skuorke net mear te rêden wie, hat de brânwacht dizze kontrolearre útbrâne litten.