Sjampanje foar earste terrasgasten Flylân; Hylper hoareka iepene mei trompetgesketter

01 jun 2020 - 13:20

In soad restaurants, kafees, teäters, musea, bioskopen, ensfh. hawwe har de ôfrûne tiid de holle brutsen oer hoe't se harren terrassen wer foarmjaan moasten en dêr hurd nei tawurke. Dat momint is no oanbrutsen. De hoareka yn Nederlân is moandeitemiddei om 12.00 oere wer iepen gien. Besjoch hjirûnder hoe't dat deroan tagiet rûnom yn Fryslân:

Yn Eastermar waard moandeitemoarn hurd wurke om de terrassen klear te meitsjen foar gasten. It doarp is fan moandei ôf oant 1 septimber ien grut terras. "It rint stadichoan fol en it bier wurdt al skonken. It is prachtich. Dit is hertferwaarmjend. Eins hast no gjin moai waar nedich om hjir waarm fan te wurden", fertelt ûndernimmer Anne van der Vaart.

"Do krijst der pikefel fan ast sjochst hoefolle minsken har ynsette. Yn it doarp rûnen moandeitemoarn in soad minsken mei grutte houten kabelhaspels, dy't spesjaal út súd-Limboarch helle binne en brûkt wurde as coronaproof tafels. De frijwilligers holpen dy nei harren plak te rôljen. "De Eastermarder mienskip, sa ha ik it noch nea earne oars meimakke", seit Van der Vaart.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn Eastermar

Grand Café Stationsplein yn Easterwâlde is der ek al klear foar. De tafels en stuollen stean op flinke ôfstân fan elkoar en op flyers is útlein hoe't minsken bestelle kinne. De earste gasten hawwe dêr yntusken in stuoltsje fûn op it coronaproof terras.

De earste gasten fan Badhotel Bruin op Flylân waarden feestlik ûntfongen. Sy krigen in gleske sjampanje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn Hylpen blaze se heech fan de toer. Letterlik. Muzikant Folkert Hans Tolsma stie op de toer fan Hylpen om sa alle besikers fan de terassen wolkom te hjitten. No't de hoereka wer iepen kin, fine se dat yn Hylpen wol in feestje wurdich. It is in inisjatyf fan ûndernimmer Piet Bakker. "It wurdt hiel spannend, want we hawwe gjin idee wat der barre sil. It is allegear oars as oars", fertelt Bakker.

"Wy binne o sa grutsk mei it inisjatyf om it hoarekaseizoen om 12.00 oere te iepenjen mei trompetgesketter fan de toer ôf", seit wethâlder Maarten Offinga. "We hawwe goede ôfspraken makke mei de hoareka. Ik bin ûnder de yndruk fan de reewilligens en de positive ynstelling fan de ûndernimmers. En as it út de hân rint, is it in kwestje fan elkoar derop oansprekke."

Ferslachjouwer Miranda Werkman yn Hylpen

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Musea ek wer iepen

Musea mei nei 2,5 moanne ek wer iepen. Besikers moatte harren besite goed ynplanne, want der moat foar reservearre wurde yn in bepaald tiidslot. By museum Belvédère op It Hearrenfean wurdt op bysûndere wize stilstien by de weriepening. Op de rûte nei it museum ta stean 299 klompen, dy binne fan keunstner Ids Willemsma: "It like my wol moai om de klompen oan it museum te jaan, om harren in hert ûnder de riem te stekken. Ik woe in 'loop' nei it museum ta dwaan."

Der stie moandeitemiddei al in koarte rige foar it museum. "We zijn lang dicht geweest en om mensen hier dan weer te mogen verwelkomen, dat is geweldig", seit konservator Hans Steenbruggen. "Het museum is vrij overzichtelijk, dus er was snel een looproute uitgedacht. Dat is allemaal goedgekomen."

Guon tentoanstellings koene gewoan trochgean, mar ek in oantal is skrast. "Twee tentoonstellingen konden we verlengen. We hebben één tentoonstelling helaas moeten schrappen, die van Jan Mankes. Maar die wordt verschoven naar volgend jaar." Steenbruggen hat der betrouwen yn dat minsken it museum noch witte te finen. "Als de regels nog wat worden versoepeld, dan loopt het wel. Maar in deze tijd is niks te voorspellen."

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by Museum Belvédère

(Advertinsje)
(Advertinsje)