Auto yn sleat by Aldegea; traumahelikopter oproppen
Op de Dykfinne by Aldegea (Smellingerlân) is moandeitemoarn in auto yn de sleat bedarre. Der waard ûnder oare in traumahelikopter oproppen.
Troch ûnbekende oarsaak rekke de automobilist fan de dyk. De auto kaam ta stilstân yn de sleat.
De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle, wêrnei't er oerdroegen waard oan de ambulânse. Hoe't de bestjoerder deroan ta is, is net bekend.
De dyk hat in skoft ôfsletten west. De plysje ûndersiket it ûngelok.