Coronanijs 1 juny: Folle terrassen, gesellich drok neffens Veiligheidsregio

01 jun 2020 - 22:40

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Om 12.00 oere mochten hoarekasaken wer iepen;
  • Bioskopen, teäters en konsertsealen koene ek wer los;
  • Binnendoar jildt in maksimum fan 30 minsken, bûten jildt dat net;
  • Yn it iepenbier ferfier binne mûlkapkes ferplichte;
  • Wa't gjin kapke op hat, kin in boete krije fan 95 euro;
  • De ferplichting jildt net op stasjons en perrons;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ek yn it Nederlânsk te folgjen.

22:30
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan moandei 1 juny oer it coronafirus. Elkenien tige tank foar it folgjen. Fan tiisdei ôf is der gjin liveblog mear alle dagen en ek oan de vlogsearje 'Berjochten út it hert' komt in ein. Fansels bliuwe je al it wichtichste nijs út Fryslân by ús folgjen. Dit wie it belangrykste coronanijs fan dizze Pinkstermoandei:

21:44
29 tests op Pinkstermoandei, 37 ynpland foar tiisdei

Yn totaal binne der op Pinkstermoandei 29 minsken test op it coronafirus, yn de teststrjitte yn Ljouwert. Der binne dêrneist foar tiisdei 37 testoanfragen binnenkaam. Oft en hoefolle minsken op Pinkstermoandei posityf test hawwe op it coronafirus, is noch net bekend. Dat wurdt woansdei yn de sifers dúdlik, sa fertelt Hijke Visser fan Veiligheidsregio Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
21:36
FIDEO: Firtuele Alvestêdetocht fytse, yn eigen hûs of tún

Foar guon hie it moandei de earste west, foar oaren krekt de fjirtichste kear. Pinkstermoandei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht. Dy waard fansels ôfsein fanwege de coronakrisis. En dochs stapten tsientallen minsken op 'e fyts. Om firtueel, yn eigen hûs of tún de tradisjonele 'tocht der tochten' ôf te lizzen. Foar foarsitter Stephan Rekker wie it ek in hiel oare dei as oars. Gewoanwei wie hy drok mei it organisearjen fan de meunstertocht, mar dit wykein koe hy sels meidwaan.

20:24
Musea yn 'e provinsje wer iepen, mar frijwilligerstekoart obstakel

Ek de musea yn Fryslân iepenen moandei wer de doarren. Foar in soad Fryske musea keallet dat swier, om't der in tekoart is oan frijwilligers troch it coronafirus. Museum Belvédère op It Hearrenfean is ek wer iepen en kin alles mar krekt rûn krije, mar dat jildt net foar alle musea.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
19:30
'No wer minder stress en soargen'

Ynwenners fan it noarden hiene ein maaie minder lêst fan stress en soargen as yn de tiid fan de pyk fan it coronafirus. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins, wêrby't alle wiken fyftichtûzen minsken frege waard nei hoe't se har fiele. Yn april hiene minsken lêst fan min sliepe en se wiene benaud om har baan kwyt te reitsjen. Mar ein maaie wie dat al in stik better. It ûndersyk wurdt dien om te sjen wat de ynfloed is fan in langduorjende krisis op de mentale sûnens fan minsken.

De dielnimmers oan it ûndersyk dogge al hast fyftjin jier mei oan it langrinnende ûndersyksprogramma Lifelines fan de universiteit fan Grins. Der is sadwaande al in soad ynformaasje oer har bekend. It ûndersyk giet de kommende tsien jier ek noch troch. En dan sil ek blike wat de langduorjende gefolgen binne fan de coronakrisis.

19:17
FIDEO: Friezen sykje de terrassen wer op

Goed twa en in heale moanne hat it duorre, de perioade sûnder iepen hoareka yn Fryslân. De earste dei dat de terrassen yn ús provinsje wer iepen binne is oer it algemien rêstich ferrûn. Om tolve oere moandeitemiddei wie it momint dat de hoareka wer los gie. Dêr wie troch de sektor sels en troch besikers al skoften nei útsjoen.

FIDEO: Terrassen wer iepen

17:40
Toarnbeiefestival Brommels giet net troch

It toarnbeiefestival Brommels yn de Noardlike Fryske Wâlden giet dit jier net troch. Mar de organisaasje ropt ynwenners fan de regio op om yn it fjirde wykein fan augustus dochs de Wâlden te ûntdekken. Mar dan wol mei digitale aktiviteiten. Der binne ek tsientallen greiden iepen foar toarnbeierispers. Minsken moatte har wol hâlde oan de rispregels en de coronamaatregels dy't dan noch jilde. Brommels fiert takom jier syn tsienjierrich bestean. De organisaasje hopet dat it feest dan wer op de gewoane manier hâlden wurde kin.

17:00
Gesellich drok, gjin problemen neffens Veiligheidsregio Fryslân

It is dizze Pinkstermoandei gesellich drok, rûnom yn Fryslân, en dat smyt gjin problemen op. Dat seit de Veiligheidsregio Fryslân. Dy kriget fanút alle gemeenten it berjocht dat de drokte goed behearskber is. De terrassen binne dan wol iepengien, mar dat soarget net foar lange rigen minsken dy't plak sykje. En minsken hâlde har ek goed oan it ôfstân hâlden, seit Veiligheidsregio Fryslân.

16:48
Ien grut terras yn Eastermar

Yn Eastermar kaam it inisjatyf om fan it sintrum ien grut terras te meitsjen. Yn Súd-Limboarch waarden âlde kabelhaspels kocht, dy't moai as tafel tsjinje kinne. Moandeitemoarn waard alles mei feriene krêften te plak set

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
15:46
Fytsalvestêdetocht

In ympresje fan de firtuele fytsalvestêdetocht dit jier

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)