Caravan giet yn flammen op yn Ljouwert

Op camping Taniaburg oan de Vierhuisterwei by Ljouwert is sneintejûn in caravan yn brân flein. De caravan baarnde folslein út.
© ProNews
De brânwacht skaalde op nei middelbrân en ried út mei ferskate weinen. It fjoer koe rap útmakke wurde. De brânwacht koe lykwols net foarkomme dat de caravan folslein ferlern gie.
De caravan dy't derachter stie, kaam der mei lichte skea fanôf. Neffens de kampearders hat de persoan yn de caravan de brân sels oanstutsen, wêrnei't er fuortrûn is.