Asylsiker Burgum: "Er is veel te veel stress, en mensen zijn bang"

31 maaie 2020 - 23:36

"Iedereen is bang. En verdrietig. Echt verdrietig", dat seit Ali Alqadrani. Hy is ien fan de asylsikers dy't in rjochtsaak oanspand hat tsjin it COA, omdat se it net iens binne mei de nije húsfêsting yn Burgum.

De asylsikers wenje allegearre yn Burgum. Se sizze dat se har yn de nijbou net hâlde kinne oan de coronamaatregels fan it RIVM, omdat se dêr mei meardere húshâldingen yn ien wenning komme.

Yn totaal soene se aanst mei 10 of 11 minsken by mekoar komme te wenjen. En it soe al gau safier wêze. "Dinsdag moet iedereen beginnen met verhuizen", seit Alqadrani. "Veel mensen willen dat niet. Het is moeilijk voor ons."

Alqadrani is 35 jier âld. Hy wennet mei syn frou en fjouwer bern yn it asylsikerssintrum. As er mei in oare húshâlding yn ien wenning komt, smyt dat problemen op, seit er. "Voor de kinderen is geen ruimte. Als ze 's ochtends naar school gaan, dan staan ze in de rij voor de wc. Dan kun je geen anderhalve meter afstand houden."

De gebouwen dy't de hjoeddeistige wenningen ferfange moatte, binne hielendal nij. Alqadrani is dêr wiis mei, seit er, mar hy wol der leaver net mei tefolle minsken wenje. "Wij willen graag een oplossing vinden."

Omrop Fryslân hat besocht om kontakt te krijen mei it COA, om in reaksje te freegjen, mar dat is oant no ta net slagge.

Trefwurden: 
Burgum AZC coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)