Tsientallen asylsikers daagje COA foar de rjochter om coronagefaar nije húsfêsting Burgum

31 maaie 2020 - 21:28

Tsientallen asylsikers spanne in koart pleit oan tsjin it COA, omdat se fine dat de nije húsfêsting yn Burgum yn striid is mei de coronamaatregels. De stress oer de oansteande ferhuzing is grut op it AZC, seit wurdfierder Ali Alqadrani fan de ferûntrêste bewenners.

De asylsikers wenje no yn lytsere wenunits yn de needgebouwen fan it azc yn Burgum. It ôfrûne jier binne dêr 64 gruttere stiennen huzen delset as permaninte húsfesting. Dat betsjut dat yn de nije húsfesting mear minsken út ferskate húshâldings byinoar komme te wenjen. Dat kin net, sa sizze se, omdat it dan net mooglik is om altyd oardel meter ôfstân te bewarjen.

Yn de nije wenningen moatte se de foardoar, de keuken en it sanitêr mei-inoar diele. Neffens advokaat Marita Jansen fan de asylsikers is dat yn striid mei de rjochtlinen fan it RIVM. Sy fynt it bysûnder dat it COA him, as orgaan dat foar de Ryksoerheid wurket, net hâldt oan de coronaregels fan dyselde oerheid. "De needferoardering jildt noch hieltiid. Ek it COA moat him dêroan hâlde", sa seit se.

It asylsikerssintrum fan Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Stress by de bewenners

Neffens Ali Alqadrani sitte de bewenners fan it azc bot oer de situaasje yn noed, benammen omdat der in pear wiken lyn noch in grutte corona-útbraak wie yn it azc fan Snits.

Fjirtich asylsikers spanne no in koart pleit oan tsjin it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA), dat ferantwurdlik is foar de opfang, omdat se wolle dat de ferhúsplannen yn dizze foarm fan tafel geane. Tiisdei sil de rjochter him der oer bûge. Neffens advokaat Jan Diederik Nijenhuis, dy't tegearre mei syn kollega Jansen prosedearret, is de proseduere ek yn it belang fan it folkssûnens yn Burgum en omjouwing. "Je moet natuurlijk voorkomen dat hier een nieuwe coronahaard kan ontstaan."

De saak wurdt net yn de rjochtseal behannele, mar fia in fideo-ferbining, fanwege it coronagefaar.

Omrop Fryslân hat ferskate kearen besocht kontakt te krijen mei it COA, om in reaksje te freegjen, mar dat is oant no ta net slagge.

De advokaten binne ek dwaande om oan de Veiligheidsregio te freegjen om de coronaregels te hanthavenjen yn it AZC, mar koe dit wykein noch gjin kontakt krije mei de organisaasje.

Bewenner Ali Alqadrani oer de mooglikheid om oardel meter ôfstân te bewarjen yn it azc

Harkje nei de advokaten Jansen en Nijenhuis

(advertinsje)
(advertinsje)