Heidebrantsje by Bakkefean: Brânwacht skaalt grut op fanwegen drûchte
De brânwacht is mei meardere weinen útriden nei Bakkefean fanwege in heidebrân. Fanwegen de drûchte wie der út foarsoarch grut opskaald. Dat meldt de brânwacht.
Meardere korpsen út Fryslân, Grinslân en Drinte wiene oproppen. Rillegau nei it útbreken fan de brân skaalde de brânwacht ek wer ôf. De ploegen dy't der wiene hiene it fjoer ûnder kontrôle krigen.
Neffens de brânwacht giet it om in gebiet fan 50 oant 100 kante meter.
Brân op It Amelân
Op itselde stuit wie der ek in brân yn in oanbou fan in fakânsjewenning op It Amelân. Dy brân wie ek gau ûnder kontrôle, meldt de brânwacht.