Plysje start buertûndersyk nei fynst drugsôffal by Easterbierrum

31 maaie 2020 - 18:48

Yn de buert fan Easterbierrum binne in oantal fetten fûn, mei ûnbekende ynhâld. De plysje giet der fanút dat der drugsôffal yn sit. Dat seit in plysjewurdfierder.

Drugsôffal by Easterbierrum

Neffens de wurdfierder soene der stoffen yn de fetten sitte, dy't frijkomme by de produksje fan syntetyske drugs. "Dat is gevaarlijk", seit er. De bekendste foarbylden fan syntetyske drugs binne XTC, speed en GHB.

De brânwacht is der by kaam om fêst te stellen oft de fetten feilich ferfierd wurde kinne. Yntusken binne se der troch in meiwurker fan de gemeente weihelle.

De plysje ûndersiket wêr't it guod wei komt, en wa't it dumpt hat by Easterbierrum. "We doen een kleinschalig buurtonderzoek, en we bekijken ook of er in de buurt misschien camera's hangen."

Drugslab

Dat der drugsôffal oantroffen wurdt, soe betsjutte kinne dat der ek in drugslab yn de omkriten is. "Daar kan ik niets over zeggen", seit de plysjewurdfierder. "Zo'n lab hoeft niet in de directe omgeving te zijn, het afval kan ook van elders komen."

De fetten wurde opslein oant se foar it plysjeûndersyk net mear nedich binne. Dan sille se ferneatige wurde.

Trefwurden: 
Easterbierrum drugsôffal
(Advertinsje)
(Advertinsje)