Mishanneling yn Ljouwerter Prinsetún; plysje hâldt fertochte oan

31 maaie 2020 - 18:20

De plysje hat in fertochte oanholden fan in mishanneling yn it Ljouwerter stedspark Prinsetún.

De Prinsetún yn Ljouwert - Foto: AS Media

De mishanneling wie sneontejûn om healwei achten hinne. Dat meldt de plysje.

Yn it tumult fan de oanhâlding ha de plysjes gjin gegevens fan tsjûgen opskreaun. Wa't wat sjoen hat, wurdt oproppen him te melden by de plysje fan Ljouwert.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert Prinsetún
(Advertinsje)
(Advertinsje)