Twa kear yn twa moannen in dolfyn yn de haven fan Harns: "Dit is unyk"

31 maaie 2020 - 18:36

Foar de twadde kear yn twa moannen tiid is in dolfyn sjoen yn de haven fan Harns. Neffens de natuerorganisaasje SOS Dolfijn giet it om in 'gewoane dolfyn'. Sokke dolfinen swimme normaalwei net yn de Waadsee.

De dolfyn yn de haven fan Harns - Foto: Sylvia Binch-Talma

De natuerorganisaasje hat meardere meldingen krigen fan minsken dy't de dolfyn sjoen ha op de Waadsee. No swimt it bist yn de haven fan Harns. Ein maart waard dêr ek al in dolfyn sjoen. It is net dúdlik oft it om deselde giet.

"Het lijkt wel om dezelfde soort te gaan," seit Annemarie van den Berg, fan SOS Dolfijn, "maar we weten het niet zeker. Iemand van ons is nu met een telelens bij de haven, om het dier op de foto te zetten. Dat beeld kunnen we dan vergelijken met beelden van twee maanden geleden."

"Dolfijnen komen eigenlijk nooit in Harlingen"

It kin dus gean om ien dolfyn, mar it kinne ek twa ferskillenden wêze. Yn beide gefallen is it unyk, seit Van den Berg. "Dolfijnen komen eigenlijk nooit in Harlingen." Normaalwei swimme dolfinen net allinne, mar yn groepen, mei tsientallen of hûnderten bisten by mekoar. "Het zijn sociale dieren."

It is net dúdlik hoe't it kin dat dit bist no allinne yn de Harnzer haven bedarre is. "Daar zijn heel veel redenen voor te bedenken. Misschien is het dier verdwaald. Of misschien is het een mannetje, dat een vrouwtje zoekt."

Ien dei earder waard in dolfyn sjoen yn de Waadsee, tusken Harns en Surch. Nei alle gedachten giet it om itselde bist.

Der is gjin reden om yn aksje te kommen, seit Van den Berg. "Het vertoont actief zwemgedrag, en de weg naar open zee is vrij." Skipfeartferkear yn de haven soe ek gjin probleem wêze moatte. "De schepen varen daar niet snel, en dolfijnen reageren er alert op. Als ze niet ziek zijn, worden ze niet aangevaren."

De organisaasje ropt minsken op om net massaal nei de haven fan Harns te kommen, mar as minsken der tafallich wiene, en bylden ha fan it bist, dan hat SOS Dolfijn dêr wol belangstelling foar, seit Van den Berg.

Trefwurden: 
Harns dolfyn SOS Dolfijn
(Advertinsje)
(Advertinsje)