Brânwacht Ljouwert hat brân yn bedriuwsloads gau ûnder kontrôle
Yn in Ljouwerter bedriuwsgebou hat koarte tiid brân west. Dêr kaam in protte reek by frij. Dat meldt de brânwacht.
De brân wie yn in loads oan de James Wattstrjitte. Meardere brânwachtweinen waarden oproppen om it fjoer te bestriden. Dêr wie ek in heechwurker by.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Neffens de brânwacht soe der in motor yn de brân stien ha, dy't yn de loads stie.