Brânwacht knipt slachtoffer út auto nei oanriding yn Drachten

De brânwacht hat in slachtoffer út in auto helle nei in oanriding yn Drachten. Op de dyk De Meer kamen twa auto's mei mekoar yn botsing.
© ProNews
It liket derop dat ien fan de beide bestjoerders ferwûne rekke is by it ûngelok. Oare belutsenen binne neisjoen troch minsken fan de ambulânse. It is net dúlik hoe't it ûngelok barre koe.
De dyk is foar in part ôfsletten, om de helpferlieners de romte te jaan.