Lieuwe Westra oer firtuele alvestêdetocht: "Sa lang ha ik noch noait op de hometrainer sitten"

Langer as fjouwer oeren hat Lieuwe Westra noch noait op in hometrainer sitten. "Dat rekôr sil ik ferbrekke", seit er. Westra is ien fan de dielnimmers oan de firtuele fytsalvestêdetocht, dy't moandei fan njoggen oere ôf te sjen is by Omrop Fryslân op telefyzje.
© ANP
Lieuwe Westra: "It grutste obstakel is om sa betiid der ôf te gean"
Westra tinkt dat er yn totaal sa'n sân oeren nedich hat om 235 firtuele kilometers te riden. De start is al om fiif oere moarns. "Dat wurdt noch it lestichste, om der sa betiid ôf te kommen."
Westra wennet yn Spanje, dêr't er in fytshotel hat. Dat giet moandei ek wer iepen. "Dan meie we ek wer lange einen fytse. Dêr sjoch ik wol nei út." De coronamaatregels wiene yn Spanje stranger as yn Nederlân.

Pinkstermoandei is oars as oars

Al mear as hûndert jier wurdt op pinkstermoandei de fytsalvestêdetocht holden. It ideale byld is in lange, lange rige fytsers troch it flakke Fryske lân, mei op de foargrûn bloeiende bûter- en hynsteblommen ûnder in blauwe loft, en hjir en dêr in skieppewolkje. Fan moarns 5 oere oant nachts 12 oere fytse der dan sa'n 15.000 dielnimmers by de alve stêden del.
Mar dit jier is alles oars. Op 23 maart hat de organisaasje beslute moatten dat de tocht yn ferbân mei de coronakrisis net trochgean kin. Lange tiid like it derop dat der hielendal net fytst wurde soe op pinkstermoandei. Mar op 13 maaie kaam dêr dochs noch feroaring yn. Dielnimmers kinne de tocht dit jier firtueel fytse, thús op de hometrainer.

Dielnimmers filmje harren sels

Sa'n 170 minsken hawwe harren dêrfoar oanmelden en Omrop Fryslân docht op pinkstermoandei ferslach, op radio en telefyzje. Ferskate dielnimmers filmje harren sels op de hometrainer, yn de eigen tún, op in sliepkeamer of it balkon. De bylden binne fan 09.00 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.
Ferslachjouwer Simone Scheffer giet de hiele provinsje troch, om ferskate firtuele fytsers thús op te sykjen en te freegjen nei harren ûnderfiningen.
De ferwachting is dat de bylden oant ûngefear trije oere middeis te sjen binne, want oars as by in gewoane Fytsalvestêdetocht kin der dizze kear flink trochfytst wurde. Boppedat is de start foar eltsenien al om fiif oere moarns, wylst der oars yn groepen start wurdt.

Nostalgy yn 'Moai wie dy tiid'

Pinkstermoandei is net allinnich neffens tradysje de dei fan de Fytsalvestêdetocht, de bûnspartij yn Frjentsjer stiet altyd op de kalinder op dizze dei.
Dêr hat Omrop Fryslân ek omtinken foar, middeis yn it programma 'Moai wie dy tiid', mei Geert van Tuinen, yn de foarm fan prachtige nostalgyske oantinkens fan eardere dielnimmers oan dizze wichtige keatspartij.