Alternatyf Kallemooi om tradysje net te ferjitten

31 maaie 2020 - 13:05

It Kallemooifeest op Skiermûntseach giet dit jier net troch fanwege corona, dochs is der omtinken op it eilân foar de tradysje. Der is in alternative mêst pleatst mei boppe-yn in koer. Op in tekstboerd dêrby stiet dat de eilanners de tradysje net misse wolle.

Foto: Sytze Schut

Kallemooi soe dit wykein wêze, mar de coronakrisis kaam dertusken en no giet it net troch. De hoanne yn de koer boppe-yn de mêst dy't dêr oars altyd trije dagen opsluten sit, hawwe diere-aktivisten bot argewaasje fan. De mêst dy't der no stie, is net de orizjinele en der liket ek gjin hoanne yn te sitten.

By de mêst stiet de tekst: 'De vlag en mast toch niet gestreken. Wij mogen deze traditie niet vergeten. Aan de president hebben wij gezworen. Het pinksterfeest gaat nooit verloren.'

De alternative opstelling is in earebetoan oan de presidint fan de Kallemooikommisje: Clive Hellinga. Hy ferstoar ferline wike, 74 jier âld.

It Kallemooifeest is in tradysje op Skiermûntseach. It is in feest fan fruchtberens. Ferline jier hat der noch juridyske striid om west. Biste-organisaasje Dierennoodhulp woe dat it ferbean wurde soe in hoanne op te sluten. De Ried fan Steat spruts lykwols út dat der gjin ferbod kaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)