Menistetsjerke yn Damwâld besiket it op 14 juny wer mei in tsjinst op proef

Neist de hoareka meie fan 1 juny ôf de tsjerken ek wer iepen, foarearst foar maksimaal tritich persoanen dy't 1,5 meter ôfstân ta inoar hâlde. De Menistetsjerke yn Damwâld hâldt de earste tsjinst op 14 juny, mei coronamaatregels. It is in soart proef. Dêrnei besjogge oft en hoe't it trochset wurdt.
© Meniste Gemeente Damwâld
Neffens premier Rutte is it ferstannich om in hiel lytse besetting oan te hâlden om't de risiko's mei tsjerketsjinsten grut is. As it goed giet, meie fan dan fan 1 july ôf maksimaal hûndert tsjerkegongers in tsjinst bywenje.
Net alle tsjerken gean fuortendaliks yn juny wer iepen. Seis begjinne earst nei de simmer wer mei de tsjinsten.

Sjonge te gefaarlik

De doarren fan de Menistetsjerke yn Damwâld gean op 14 juny wol wer iepen, mei de nedige maatregels. Der mei net mear songen wurde, omdat dat eventuele besmetting befoarderje kin. Pastoar Ietsje de Boer fynt dat net sa'n grut probleem. De oargelist soarget foar de muzyk en in bytsje mei núnderje mei de mûle ticht kin wol, tinkt De Boer.
Pastoar De Boer is tige wiis mei it feit dat har tsjerke wer iepen kin. Se hawwe alles berekkene en it is mar in lytse mienskip, yn Damwâld, dat oardel meter romte tusken minsken sil gjin problemen opsmite.

Ofwachtsje

De tsjerken mei dan wol offisjeel op pinkstermoandei wer iepen, mar yn Damwâld wachtsje se leaver efkes ôf hoe't it him allegearre ûntwikkelet nei de iepening fan hoareka en oare gelegenheden. Mocht it sa wêze dat der de kommende wiken dochs wer mear besmettingen mei corona komme, dan wurdt de tsjinst fan 14 juny ôfordonearre.
De tsjinst op 14 juny is in soarte fan proef. Dêrnei wurdt besjoen oft it fierder trochset wurde kin en op hokker wize.
Pastoar Ietsje de Boer oer it wer iepenstellen fan de Menistetsjerke yn Damwâld