Oanblik havenstêden sil feroarje: lege kades of inkeld polyester jachten

31 maaie 2020 - 14:05

De oanblik fan Fryske havenstêden sil bot ferskrale as de brune sylfloat it net oprêdt. Dat is de eangst fan charterskippers. Gemeentebestjoeren ha der ek soargen oer. It soe in drama wêze foar de toeristyske ekonomy.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Aart Puper is bestjoerslid fan de feriening Bruine Zeilvaart Harlingen en eigener fan twa âlde sylskippen. Johan Moen is ek skipper en eigener fan twa âlde sylskippen. Beiden lizze al moannen foar de wâl.

De manlju dogge putsjes, mar se hawwe gjin idee wannear't se wer mei groepen farre meie. De nije protokollen dy't no útjûn binne troch it ministearje, ferbetterje de situaasje net, sizze se.

It farren mei lytsere groepen kin neffens de skippers net út. De oardelmeterekonomy is hiel dreech ta te passen op de krappe skippen dy't mei groepen it Waad en de Iselmar befarre.

De Storebaelt fan Aart Puper - Foto: Jitze de Vries

Ferslachjouwer Simone Scheffer makke in lange reportaazje oer skippers Aart Puper en Johan Moen

In bykommend probleem is dat der sûnt 2018 in strang belied kaam is foar histoaryske skippen. Se moatte in sertifkaat hawwe en oan strange noarmen foldwaan om yn de feart te bliuwen. De keuring kostet in soad jild, krekt as de ynvestearringen dy't de skippers dwaan moatte om oan de easken te foldwaan.

No't der gjin ynkomsten binne, sille der skippers wêze dy't dat net betelje kinne, en as it sertifikaat ienkear ferrûn is, kin in skip net wer ien krije. Dan mei it noait mear farre.

De kades zullen leeg zijn of gevuld met polyester jachten met aluminium masten. Wat zie je liever?

Johan Moen

Dat hat net allinnich gefolgen foar de eigeners sels, mar ek foar de stêden dêr't de skippen lizze. Se ha dan gjin wearde mear, en ferdwine út de havens. Yn in grut tal fan de gefallen bedarje se 'op de schroothoop', sizze Puper en Moen. "De kades zullen leeg zijn," seit Moen, "of gevuld met polyester jachtjes met alumimium masten. Wat zie je liever?"

Petysje

De skippers hawwe in petysje makke om stipe te krijen. Dy is yntusken mear as tsientûzen kear tekenen. Fryske en Nederlânske gemeentebestjoeren sille it Ryk benaderje mei in brief oer de situaasje, oer en de skea foar de ekonomy en oer it histoarysk oansjen fan de stêden.

Neffens Puper is de gemeente Harns, dy't in grut tal brune sylskippen yn de havens te lizzen hat, him bewust fan it gefaar fan it ferlies fan de float. De gemeente helpt troch no gjin havenjild te freegjen.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Foar de langere termyn hat de gemeente it regear frege om stipe foar de float. Neffens Puper fertsjinnet Harns sa'n 11 miljoen euro yn it jier troch de float. As dy ferdwynt, ferdwynt it jild ek. Mar de havens en it karakter fan de stêd sille ek oantaast wurde. De gemeente freget dêr ek omtinken foar by it regear.

De skippers hoopje dat it wat opsmyt. Oars sjocht de takomst der net fleurich út. Se hawwe grutte noed en sliepe der min fan. Want ek al is der aanst miskien wat mear romte, de groepen dy't se foar de krisis hiene, sille nei alle gedachten minder gau in reis mei in âld sylskip boeke en de oardelmeterekonomy freget tefolle oanpassingen.

"Ik hoop dat ik het volhoud tot het eind van het jaar," seit Puper, "maar als ik straks de rente en aflossing moet betalen, dan gaat het hard. Zo simpel is het."

(Advertinsje)
(Advertinsje)