Utstelde oersjochstentoanstelling Klaas Koopmans no dochs iepen

31 maaie 2020 - 09:45

De oersjochstentoanstelling mei wurk fan de Fryske ekspresjonist Klaas Koopmans soe earder al iepen, mar moast útsteld wurde fanwege de coronakrisis. No kin de tentoanstelling yn galery De Kuiperij yn Feankleaster dochs los.

Foto: Galery De Kuiperij

It is 100 jier lyn dat de keunstskilder Klaas Koopmans yn Garyp berne waard. Dat is de reden dat galery De Kuiperij yn Feankleaster in oersjochseksposysje makke hat mei wurk fan dizze Fryske ekspresjonist. De wurken komme út de samling Van der Zwaag. "Yn de galery is in breed oeuvre fan Koopmans syn wurk te sjen mei ferskate techniken", fertelt dochter Martha van der Zwaag.

Martha van der Zwaag oer Klaas Koopmans

De eksposysje giet op 1 juny iepen (pinkstermoandei). Hy is dêrnei yn de simmermoannen alle freden en sneonen te sjen fan 13:00 oant 17:00 oere en op oare dagen op ôfspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)