FIDEO: Tsjerketsjinst en oargelkonsert by Omrop Fryslân

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje te litten, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. De tsjerketsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei en begjint om 10.00 oere. Foargonger is Hinne Wagenaar en de oargelist is Jochem Schuurman. Fierdere muzikale meiwurking oan dizze tsjerketsjinst is fan Jonas Wagenaar en Henk Kroes. Oanslutend is der om 11.00 oere in oargelkonsert.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst. De tsjinst is ek te sjen op Omrop Fryslân telefyzje en wurdt om 12.00 oere werhelle.
Oanslutend oan de tsjerketsjinst is der noch in oargelkonsert mei sopraan Tetsje van der Kooi en Jochem Schuurman op de oargel. Sy sille nûmers hearre litte fan ûnder oare Johann Sebastian Bach, Henry Purcell en William Boyce. It oargelkonsert is ek live te sjen by Omrop Fryslân. Klik hjir foar de spyllist.
Oargelkonsert
Nei ôfrin is de tsjerketsjinst werom te sjen op Utstjoering Mist.