Coronamaatregels minder strang: lêste liveblog en vlog

31 maaie 2020 - 14:35

Stadichoan wurde de coronamaatregels ferromme. Der komt hieltyd mear 'gewoan' nijs. Dêrom hâldt Omrop Fryslân op mei de deistige liveblogs oer it firus. En der komt ek in ein oan de vlogsearje 'Berjochten út it hert'.

Foto: Omrop Fryslân

Njoggen wike lang hawwe 32 Friezen út de hiele provinsje fideodeiboeken byhâlden. Se lieten sjen watfoar effekt corona hat op harren libben, want eltsenien belibbet de coronatiid op syn of har eigen wize.

Hjirûnder in kompilaasje fan de moaiste mominten.

Kompilaasje fan Berjochten ut it hert

Ien fan de vloggers wie Ans Visser fan soarchsintrum de Herbergier yn Harns, in wenfoarm foar minsken mei demintens. "Een aantal bewoners hebben er ook echt van kunnen genieten, in het bijzonder mevrouw Kannegieter. Ze vraagt me bijna iedere dag wanneer 'die leuke jongen' weer komt zingen."

Ans doelt op beropsmuzikant Sander Metz. Yn de vlog wie te sjen hoe't hy in privee-optreden joech mei it favorite ferske fan mevrouw Kannegieter. It soarge foar in emosjoneel momint. "Via social media maar ook op straat kreeg ik heel positieve reacties op de vlog", seit Ans. " Vooral over hoe leuk we met onze bewoners omgaan en hoe de vlog met mevrouw Kannegieter hen ontroerde."

Frou Kannegieter sjocht nei it optreden fan Sander Metz - Foto: Omrop Fryslân

Mar ek it momint dat húsdokter Bart Maats fertelde dat hy corona hie, soarge foar in soad reaksjes út syn omjouwing. "Ik krijg nog steeds vragen van patiënten, kennissen en collega's hoe het met mij gaat. De boodschap dat ik positief getest was, kwam kennelijk meer over dan de boodschap dat ik niet ziek ben geworden."

It vloggen wie nij foar Maats, mar hy hie in dúdlik doel: "Ik wilde graag laten zien dat er naast alle heroïek op de IC's ook door vele andere zorgmedewerkers, vaak achter de schermen, een grote prestatie werd geleverd."

Foto: Omrop Fryslân

Wat ek spesjaal wie, wie dat Fryslân troch ferpleechkundigen fan de Fryske sikehuzen in ynsjoch krije koene efter de skermen op de corona-ôfdieling. Ien fan dy minsken is longferpleechkundige Katharina Sterk. It firus hâlde har dei en nacht dwaande en se hopet om wat waarmte yn de soarch werom te bringen yn dizze kâlde krisis.

Foto: Omrop Fryslân

"De reacties die ik kreeg waren hartverwarmend", seit Katharina. "Zoveel lieve mensen die ons als zorgtoppers een hart onder de riem steken. Samen zijn we het coronavirus aan het bedwingen!"

Liveblogs miljoenen kearen besjoen

Sûnt de earste coronabesmetting yn Fryslân, op 10 maart 2020, hat de redaksje op omropfryslan.nl en yn de Omrop-app hast alle dagen in liveblog byhâlden, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Dêryn stie in oersjoch fan it belangrykste coronanijs út de provinsje, en ek út de rest fan de wrâld.

De liveblogs binne goed lêzen, se waarden miljoenen kearen besjoen.

Omrop Fryslân folget it nijs oer de coronakrisis noch hieltyd op 'e foet, en as der oanlieding ta is komt der wer in liveblog. Mar foarearst is it lêste coronaliveblog op Pinkstermoandei. Dat is de dei wêrop't de hoareaka de doarren wer iepenje mei.

Alle vlogs fan de rige 'Berjochten út it hert' binne fia dizze dossierside werom te sjen.

Trefwurden: 
coronafirus coronavlog
(Advertinsje)
(Advertinsje)