Omrop hâldt op mei deistich corona-liveblog en searje 'Berjochten út it hert'

31 maaie 2020 - 08:36

Stadichoan wurde rûnom de coronamaatregels ferromme en is der hieltyd mear 'gewoan' nijs. Foar de redaksje fan Omrop Fryslân reden om op te hâlden mei de deistige liveblogs op de webside en Omrop-app. Der komt ek kin ein oan de vlogsearje 'Berjochten út it hert'.

Sûnt de earste coronabesmetting yn Fryslân, op 10 maart 2020, waard der hast alle dagen in liveblog byhâlden yn it Frysk en Nederlânsk. Dêryn stie in oersjoch fan alle ûntwikkelings om it firus hinne yn de provinsje, mar ek dêrbûten. De liveblogs binne goed lêzen, se waarden miljoenen kearen besjoen op de webside en de app.

Fansels folget de redaksje it nijs oer de coronakrisis op 'e foet en berjochtet dêroer op webside, app, radio en telefyzje. As der oanlieding ta is, komt der wer in liveblog. Mar foarearst is it lêste coronaliveblog op 1 juny, de dei wêrop't de hoareaka de doarren wer iepenje mei.

Der komt ek in ein oan de rige 'Berjochten út it hert'. Njoggen wike lang hawwe 32 Friezen út de hiele provinsje fideodeiboeken byhâlden. Se lieten sjen watfoar effekt it coronafirus hat op harren libben, want eltsenien belibbet de coronatiid op syn of har eigen wize.

(Advertinsje)
(Advertinsje)