VVD 'teloarsteld' yn provinsjebestjoer; partij komt mei wolvemeldpunt

30 maaie 2020 - 22:26

De Fryske VVD-fraksje fynt dat it provinsjebestjoer him aktyf ynsette moat om derfoar te soargjen dat der gjin wolven yn Fryslân komme. Dat seit steatelid Marten Dijkstra. Hy wol in meldpunt ynrjochtsje, dêr't minsken witte litte kinne dat se in wolf sjoen ha.

Wolf - Foto: ANP

It meldpunt moat dúdlik meitsje hoefaak oft der wolven sjoen wurde. "It soe samar kinne dat it bist hjir al is", seit Dijkstra. "Der is ek al in lanlik meldpunt, mar dêr komme allinne meldingen binnen as der ek sprake is fan skea."

"It provinsjebestjoer is te let"

Neffens de fraksje fan de VVD wol it provinsjebestjoer pas yn aksje komme, as de wolf yn Fryslân is. "Dat is te let", seit Dijkstra. Hy neamt de opstelling fan de provinsje "teloarstellend".

Yn Drinte binne de ôfrûne tiid meardere skiep deabiten troch in wolf. Dat blykt út DNA-ûndersyk, meldt RTV Drenthe. En ein foarich jier binne yn Fryslân ek skiep deabiten troch in wolf.

Ofsjitte of ferdôvje

De Fryske VVD wol net dat de wolf hjir komt. "Minsken fiele har net feilich", seit Dijkstra.

De partij wol jagers de mooglikheid jaan om it bist ôf te sjitten, mar Dijkstra hat leaver dat it bist ferdôve wurdt, en dan fongen. Ofsjitte mei no net, omdat wolven beskerme binne. De provinsje soe him ynsette moatte om dat te feroarjen, seit de VVD.

Trefwurden: 
wolf VVD
(advertinsje)
(advertinsje)