Grinskorreksje Skier is net samar wat: "Menig oorlog is om minder begonnen"

30 maaie 2020 - 23:52

De gemeenteried fan Skiermûntseach is bliid mei de grinskorreksje dy't derfoar soarge hat dat it hiele eilân no wer by Fryslân heart. De korreksje smyt de gemeente op jierbasis 316 euro op.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De grinskorreksje soarge foar diskusje, omdat de Grinslanner gemeente Het Hogeland, dêr't it eilân nei opskoot, it eigen stikje Skiermûntseach eins net kwyt woe. De provinsje Fryslân hie frege om de korreksje, omdat dêrmei yn gefal fan kalamiteiten ûndúdlikheid foarkaam wurde kin.

'Mitsen en maren'

Yn de riedsgearkomste reagearre Bart Pastoor fan Samen voor Schiermonnikoog as earste op de diskusje. Dat meldt RTV Noord. "Als echte Grunneger mag ik beginnen. Het gaat natuurlijk ook om niet niks. Menig oorlog is om minder begonnen."

"Dat de gemeente Het Hogeland mitsen en maren had, hebben we in de media kunnen vernemen, maar ze zijn schoorvoetend toch akkoord gegaan. Het is natuurlijk wel belangrijk hoe de grens bepaald wordt in het kader van het bestuurlijke en de veiligheid", seit Pastoor.

Skiermûntseach is 'groeidiamant'

De ChristenUnie yn Het Hogeland oppenearre noch om boatkaartsjes te freegjen, sadat kliïnten fan de Voedselbank nei it strân kinne, dat se no kwytreitsje. Dêr gong de ried net op yn.

Wyb Jan Groendijk, fan Schiermonnikoogs Belang, is bliid dat der no dúdlikheid is oer it stik grûn. "Ik denk dat de provincie trots op ons zal zijn, omdat we er regelmatig voor zorgen dat de provincie iets groter wordt. En ze zullen ons zeker zien als groeidiamant."

As je de kaarten fan it kadaster en fan topotijdreis.nl achter mekoar sette, sjogge je dat Skiermûntseach hieltyd fierder nei it easten kuieret.

Skier oan de kuier

"Het is een opluchting dat het gezag van het hele eiland weer onder mijn bevoegdheid komt. Dat schept duidelijkheid', seit boargemaster Ineke van Gent.

"Iedereen is hartelijk welkom op Schiermonnikoog. Als je nou van Friesland komt of Groningen, of de rest van Nederland. Het mag nu alweer een beetje en straks weer helemaal. Kom allemaal naar Schier."

(Advertinsje)
(Advertinsje)