Twa minsken ferwûne by slimme oanriding op N355

Op de Rykswei N355 tusken Twizel en Noardburgum binne twa minsken ferwûne rekke by in oanriding. Dat barde yn de buert fan Jistrum. Ien fan de beide slachtoffers is slim ferwûne.
© De Vries Media
It is net dúdlik hoe't de slachtoffers der presys oan ta binne. Brânwachtminsken ien fan de auto's iepenknipt. Behalve twa ambulânses is der ek in traumahelikopter nei it plak fan it ûngelok ta kaam.