Spilers Hearrenfean sykje stipe fan supporters

Oft der yn it takom seizoen minsken op de tribune sitte sille yn it Abe Lenstrastadion is noch ûnwis, mar de spilers en stêf fan SC Hearrenfean wienen de ôfrûne dagen drok dwaande om de supporters oer te heljen harren seizoenkaart wol te ferlingjen. Op de lêste dei fan dy kampanje gienen oanfaller Chidera Ejuke en jeugdtrainer en âld-spiler Wilco Hellinga de doarren del by seizoenkaarthâlders yn Nije- en Aldhoarne.
SC Hearrenfean by de doarren del
"Als de supporters niet naar ons kunnen komen, dan komen we naar hen", seit jeugdtrainer en âld-spiler Wilco Hellinga. "Het is voor iedereen een moeilijke tijd, ook voor SC Heerenveen. Het zou daarom mooi zijn als de fans ons ook in deze periode blijven steunen."
De klup hat de lêste dagen by 1.500 adressen yn Fryslân west, en hat ôfrûne woansdei ek noch ris 1.000 minsken telefoanysk benadere. De klup hopet dat it tal ferlinge seizoenkaarten dêrtroch de kommende dagen oprinne sil ta 4.000. Oant no ta hat Hearrenfean 3.600 kaarten ferkocht.
Chidera Ejuke mei in Hearrenfean-supporter © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Ejuke hat syn eigen taktyk om de minsken oer te heljen harren seizoenkaart te ferlingjen. "Ik fertel se hoe belangryk oft it is foar de klup en foar de spilers, dat se ús stypje", sa seit de oanfaller, dy't noch nea yn Nijhoarne west hie. "It is moai om op dizze wize nije plakken te sjen. It is moai hjir."

Gouden en sulveren kaart

De supporters fan SC Hearrenfean kinne kieze tusken in gouden en in sulveren seizoenkaart. As in supporter kiest foar de gouden opsje, krijt hy of sy gjin restitúsje as der wedstriden troch it coronafirus sûnder publyk plakfine. Supporters krije lykwols wol oare foardielen, lykas koarting op in wedstriidshirt.
By de sulveren opsje komt de klup de supporter temjitte oant 50 persint fan it betelle bedrach, wannear't wedstriden troch it firus sûnder publyk binne. Oant no ta hat mar fyftjin persint fan de fans foar dizze opsje keazen, en giet dus 85 persint foar de gouden opsje.
Ferslachjouwer Lars de Leeuw gie mei jeugdtrainer Wilco Hellinga en spits Ejuke mei