Ljouwerter rydt te hurd op Sintrale As en is rydbewiis opnij kwyt

30 maaie 2020 - 13:25

In 34-jierrige Ljouwerter is freedtemoarn syn rydbewiis kwytrekke. Hy ried mei 178 kilometer yn de oere oer de Sintrale As by Noardburgum.

Foto: Team Verkeer Noord-Nederland

De man moast syn rydbewiis yn 2015 ek al ris ynleverje. Doe ried er ek te hurd. Dêrnei kamen der meardere klachten oer syn riden, seit Team Verkeer Noord-Nederland fan de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)