Veiligheidsregio ropt op: Brûk jimme sûn ferstân

30 maaie 2020 - 14:31

Minsken moatte dit pinksterwykein foaral harren sûne ferstân brûke as it giet om de coronakrisis. Hoewol't it tal besmettingen yn Fryslân lyts is, bliuwt de kâns op in útbraak bestean. Dêrfoar warskôget de Veilichheidsregio Fryslân.

Simmerdrokte op Himelfeartsdei yn Prinsetún Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Troch it moaie waar binne dit wykein wer in protte toeristen yn ús provinsje. Neffens direkteur Wim Kleinhuis fan de Veilgheidsregio is dat net slim, salang't de minsken harren mar oan de regels fan it RIVM hâlde.

De hoareka giet wer iepen en dy sektor hat him goed taret, neffens Kleinhuis. No is it oan de besikers om it sûne festân te brûken. Minsken moatte fuortgean as it te drok is.

De Veiligheidsregio dielt gjin boetes út. De taak fan de organisaasje is yn earste ynstânsje bewustwurding, minsken oansprekke en warskôgje. It is oan de plysje om yn it uterste gefal boetes út te dielen.

Utbraak yn Ostfriesland

Wy moatte foarsichtich wêze, seit Kleinhuis, want it firus is noch alyd ûnder ús. Der komme noch altyd nije besmettingen by en der stjerre noch altyd minsken. "Dat it gefaarlik weze kin, sjogge jo wol oan de resinte corona-útbraak by it Dútske Leer flak oer de grins by Grinslân." It gebiet stiet ek wol bekend as Ostfriesland (red.).

Op 1 juny moat reizgers yn it iepenbier ferfier mûlkapkes op hawwe. De kontrôle dêrop is de ferantwurdlikens fan de ferfierder sels, seit Kleinhuis.

Wim Kleinhuis fan de Veiligheidsregio Fryslân oer corona

(Advertinsje)
(Advertinsje)