Jordy Bruijn ferruilet Hearrenfean foar NEC Nijmegen

30 maaie 2020 - 12:42

Jordy Bruijn giet by SC Hearrenfean wei. Dat hat de klup sneon bekend makke. De 23-jierrige middenfjilder giet nei NEC Nijmegen, de klup dêr't er yn 2019 ek al in heal jier op hierbasis spile.

Foto: Orange Pictures

Bruijn kaam yn de simmer fan 2016 oer fan Ajax en makke yn jannewaris fan 2018 syn debút foar de Feansters. Hy kaam ta 33 wedstriden yn it pompeblêdeshirt en makke twa doelpunten.

"Jordy is een uitstekende voetballer maar de concurrentie op ons middenveld is groot. In Nijmegen hoopt hij aan meer speeltijd toe te komen. Dat is hem ook gegund. We wensen Jordy dan ook heel veel succes bij het vervolg van zijn carrière", seit technysk manager Gerry Hamstra.

Bruijn is bliid mei de oerstap. "Ik ben blij om weer terug te zijn bij NEC", seit hy. "De komende jaren gaan we er alles aan doen om beter te worden en de club terug te brengen naar waar het hoort, de eredivisie."

(Advertinsje)
(Advertinsje)