Hoareka hast ree foar weriepening: "It is krekt oft we opnij begjinne"

30 maaie 2020 - 14:25

Mei noch twa dagen te gean makket de hoareka him op foar de weriepening. Moandei meie der wer tritich minsken yn restaurants en kafees sitte en kinne de terrassen wer iepen. Bedriuwen hawwe der in soad wurk fan om alles coronaproof te meitsjen.

"Wy binne der hast klear foar, wy ha de hiele binnenkant fan de saak ynrjochte foar it oardelmetergebeuren. Bûten wurdt alles no oanklaaid en wy hawwe it terras wer út de opslach helle", fertelt Esther Hoekstra fan Grouster restaurant 't Kofschip.

Troch alle maatregels kinne in soad minder minsken yn in restaurant ite. "Wy kinne normaal om de 100-110 minsken kwyt. Dat is no dik de helte minder." Oft it finansjeel út kin om sa te wurkjen, is noch mar de fraach, seit Hoekstra. "Dat is lestich yn te skatten, mar alle bytsje helpe. Wy sette alles op alles om safolle mooglik binnen te heljen."

In terras yn corona-opstelling - Foto: ANP

By It Teehûs yn Grou is ek in stik minder plak. "It binne 40-50 prosint minder plakken. Alles stiet wat tichter opinoar, dus no hawwe jo rom plak", seit eigener Timo Slump. Ek hy is bliid dat syn restauarant wer iepen mei. "It is fantastysk. Wy hawwe trije moannen thús sitten. Wy hawwe wat ôfhel dien, iten yn bakjes, mar wy wolle gewoan de minsken betsjinje."

Slump fynt it in aparte ûnderfining no wer iepen te gean. "It is krekt oft bedriuw wer opnij begjint. Trije jier lyn hawwe wy dat ek hân, nei dy brân (it restaurant baarnde yn 2017 folslein ôf, red.). It is ôfwachtsjen hoe't it allegear no wer komt."

Hoewol't ferwachte wurdt dat der moandei in soad minsken in terras opsykje sille, is Slump net benaud dat it mâl gean sil. "Wy hâlde allegearre de kop derby en as minsken harren goede ferstân brûke, kin it goed gean. Wy sille ek optrede as it net goed giet."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by de hoareka yn Grou

Trefwurden: 
Grou hoareka coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)