Omrop TIP: Ofskied sûnder ein fan Ira Judkovskaja

Artistyk direkteur Ira Judkovskaja nimt ôfskied fan teäterselskip Tryater. De Fryslân DOK 'Ofskied sûnder ein' lit sjen dat Judkovskaja in persoanlik stimpel drukt hat op 12,5 jier Frysk teäter.

1000&1 nacht

Mei de foarstelling '1000&1 nacht' wol Ira Judkovskaja in oade bringe oan it teäter en syn tûzenen jier âlde skiednis. It stik soe dizze maitiid útfierd wurde op de âlde jiskebult fan Ljouwert, op de grins fan de stêd en it plattelân. Mar corona kaam dertusken. It fertriet dêroer is omset yn kreativiteit, en no is it stik online te besjen. It is Judkovskaja har lêste produksje as artistyk direkteur fan Tryater.
'1000&1 nacht' fan Tryater © Tryater

'Geen zintuig onberoerd'

Op 1 febrewaris 2008 kaam Ira Judkovskaja (Moskou, 1975) yn tsjinst by it profesjonele teäterselskip. Se sei doe: "Ik wil geen zintuig onberoerd laten. Acteurs moeten breed onderlegd zijn, fysiek, muzikaal. Tryater heeft het in zich. Er is heel veel talent in Friesland en wij moeten dat ontwikkelen."
Ira Judkovskaja © Omrop Fryslân

Nije foarmen

De Russyske Ira learde al gau Frysk. Yn it earste jier by Tryater betocht en regissearre se 'De 11Stêdetocht' (2008), in outdoor-teätertoer. Se probearre yn de jierren dêrnei altyd nije foarmen út, om sa de makkers en it publyk út te daagjen. Oare foarstellings binne bygelyks de strjitopera 'De IIsfoarstin' (2014), de bernefoarstelling 'Breidzje' (2016). Yn 2018, it jier fan Ljouwert Kulturele Haadstêd kaam Judkovskaja mei 'Wereldburgers van de Voorstreek' en 'Doarp Europa'. Soms kamen de Russen foarby: Yn 2010 wie 'Master en Margarita' fan Michail Boelgakov de iepeningsfoarstelling fan Oerol op Skylge. Yn de maitiid fan 2020 spile Tryater syn eigen fertolking fan 'Trije Susters' fan Anton Tsjechov - nei de coronamaatregels spilen de akteurs de foarstelling live fia Facebook.
Ira Judkovskaja © Omrop Fryslân
Simone Scheffer oer de dokumintêre dy't sy makke oer Ira Judkovskaja
De Fryslân DOK 'Ofskied sûnder ein' is in portret fan Ira Judkovskaja, makke troch Simone Scheffer. It ferhaal fan Ira giet oer passy, missy en persoanlikheid. Judkovskaja: "Ik hoop dat ik werelden heb kunnen creëren met mensen. Het zoeken naar een nieuwe manier van denken zit onder al mijn voorstellingen."
Nei de repetysje fan '1000&1 nacht' © Omrop Fryslân
Fryslân DOK 'Ofskied sûnder ein', oer Ira Judkovskaja
Sneon 30 maaie, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 31 maaie 13.10 oere)
Snein 31 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)