Griene strân op It Amelân fan grutte betsjutting foar de natuer

30 maaie 2020 - 09:48

By Ballum op It Amelân is de lêste tsientallen jierren in natuergebiet ûntstien dat neffens behearder Rykswettersteat tige bysûnder is. Op ferskate Waadeilannen binne 'griene strannen' ûntstien, mar de ûntwikkelingen op It Amelân gean wol hiel hurd. Dochs is dit griene strân lang net by elk yn byld as wichtich natuergebiet.

Griene Strân

Johan Krol fan it Amelanner Natuurcentrum bringt al jierren yn kaart hokfoar spesjale natuer yn it gebiet te finen is. Hy komt dêr yn trochsnee sa'n 120 plantesoarten tsjin. En dêr sitte ek hiele seldsume by. In oersjoch is hjir te finen. Ek briedt der in grut ferskaat oan fûgels lykas eiders, brune hoanskrobbers, leppelbekken, ûnwaarsfûgels en noch folle mear. Bytiden sitte der ek tige seldsume strânbrieders by lykas it dûkelmantsje (strandplevier) dy't ferline jier ien pyk grut krigen hawwe.

Dat wie net altiten sa, seit Krol: "Het is begonnen met een kale zandplaat waar met hoog water misschien een stuk of wat meeuwen stonden." It is benammen de dynamyk fan it gebiet dat him lûkt: "Zo is half Nederland ontstaan na de laatste ijstijd en dat zie je hier nu gebeuren. Een heel nieuw stuk natuur op Ameland van misschien wel honderd hectare groot."

It strân oan de Noardseekant is koartlyn ek in hiel stik grutter wurden.

In nêst ffan it dûkelmantsje (strandplevier) ferline jier. Der is ien pyk grut wurden. - Foto: Johan Krol

Ekolooch Lies van Nieuwerburgh is hiel goed te sprekken oer it gebiet: "Het groene strand is zo'n dynamisch gebied. Dat vind je niet zomaar in Nederland. Je hebt op Terschelling een groen strand en ook op Schiermonnikoog. Het is hier wel heel dynamisch. Zoals Johan Krol ook vertelt. Het verandert elk jaar en dat is heel bijzonder. En ook dit biotoop is bijzonder in heel Europa."

De feroarings kinne der ek foar soargje dat guon soarten der net mear wêze wolle. Lykas in plak dêr't no jonge dúntsjes te finen binne. Johan Krol: "Waar we nu staan, zaten drie jaar geleden 140 nestjes sterns, omdat het toen nog kaal zand en schelpen was. Nu is het drie jaar later en zijn de sterntjes vertrokken en zijn er duinen ontstaan."

Jonge dúntsjes by it Griene Strân - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

As natuerbehearder lit Rykswettersteat it gebiet foaral gewurde en folget de ûntwikkelings as it giet om de beskerming fan it gebiet.

Van Nieuwerburgh: "We beschermen een aantal onderdelen. De broedvogels en dan bijvoorbeeld de strandbroeders. Daar zetten we waarschuwingsbordjes voor om te voorkomen dat mensen ze gaan verstoren. Maar voor de rest kan je niet zoveel beschermen, want de natuur gaat toch zijn eigen gang. En dat is juist het specifieke van de deze natuur en van dit gebied. Het hele Waddengebied is heel erg dynamisch en dat willen we ook behouden. We gaan niets aanleggen om het tegen te houden, want dat is juist de kracht van het gebied."

Rykswettersteat is sûnt 2017 de natuerbehearder fan de Waadsee.

In warskôgingsboerd by nêsten - Foto: Foto: Johan Krol

Dat de beskerming mei warskôgingsbuorden nedich is, docht wol bliken. Yn de fierte rinne twa minsken mei in grutte hûn los oer it strân nei in boerd ta, lêze it en keare om.

It giet net altyd goed. In stel fan wa't de frou mei kuierstokken ûnderweis is, kuieret oan de ferkearde kant fan de buorden en kloften fûgels komme omheech wêrûnder de leppelbekken. En as is dat noch genôch: de frou swaait mei de stokken omheech om noch mear fûgels opfleane te litten. Krol sprekt de minsken der wolris op oan, mar dizze kear net. Sy binne fier fuort en it is bytiden ek in oefening yn frustraasje.

Amelanner Jan-Theo IJnsen fan Rykswettersteat sjocht it ek: "Het is inderdaad Natura 2000-gebied en Natura 2000 ziet toe op de bescherming van gebieden en soorten. En dat is in dit gebied dat op Ameland toch ook een recreatiegebied is een subtiel evenwicht."

Bûnt hantsjekrûd (rietorchis) is ien fan de reade list soarten dy't yn it gebiet te finen is. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)