Kollum: "Predaasjeporno"

"Sels de natuerorganisaasjes moatte skytskoarjend tajaan dat dit in dramatysk jier foar de greidefûgels wurdt. Der falt gjin reinwetter yn de perioade dat de piken út it aai krûpe, alles is sa drûch as riis en de plas-dras blykt as in magneet te wurkjen op rôfbisten dy't ferline jier gâns yn oantal tanaam binne troch de mûzepleach.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
Ferdinand de Jong:"Predaasjeporno"
It safolste ferlerne jier, mar de rôfbistknuffelklups sille nea tajaan dat de predaasje fûl bestriden wurde moat om noch in pear greidefûgels oer te hâlden. Dat is harren eare tenei en komt harren fertsjinmodel net te'n goede.
It wetterpeil wat heger bringe sil de teloargong ek net keare, der sil opromme wurde moatte. Behear yn it nasjonale park Nederlân, want echte natuer is hjir net of amper. Dat sjogge je trouwens ek oan it rap ôfnimmende draachflak foar de wolf. Dy snipt no ek al ponnyfôltsjes en it wachtsjen is op it earste minsklike slachtoffer. Binnen no en fiif jier, skat ik.
Laitsje my mar út, we ha it der noch wolris oer. Mar sels dan sille de wolveklups neat witte wolle fan it opromjen fan in bist dat troch de ynrjochting fan ús lân hjir net (mear) heart. Hoe spitich ek.
Wy ha in grutte, hege spjirrebeam neist hûs. Yn dy beam nestelet in spantsje dowen. Moarns en jûns jout ús hiemklyster syn konsert fan de heechste tûke, it is in pracht. De dowen hienen de aaien amper lein, of der barde op in moarn wat.
Ik siet op it terras en op it dak njonken dat fan ús gie in ekster sitten. Dy begûn te kriten en it duorre mar even, doe kamen der mear. Binnen ien minút wienen der minimaal sechtjin stiks dy't mei harren makabere terreur begûnen. Se fleagen al krijsend yn en om de spjirrebeam. Foar it spantsje dowen wie der gjin hâlden oan tsjin dy oermacht. Aaien fuort en gjin jongen dit jier.
Eartiids op de pleats skeaten we eksters en swarte krieën om de stân op peil te hâlden. No sit hjir om ús hinne yn hast eltse beam in eksternêst en krije de sjongfûgels en dowen gjin jong mear grut. Sels de goed bedoelde nêstkasten dy't de gemeente oan de beammen hongen hat, biede gjin soelaas. Op it momint dat de jongen fleane kinne, wurde se op harren earste flecht daliks pakt, ik ha it mei eigen eagen sjoen.
Dy sjongfûgels ha we nedich foar it bestriden fan de ikeprosesjerûp. Op dizze wize komt dêr neat fan op de hispel en sille de gemeenten twongen op gemyske bestriding oergean. Dat helpt dan ek wer net, want dat fergif komt ergens wer yn de keten.
Alle bisteleafhawwers mei doel oer wat se sjogge en mjitte, witte wol dat we hurdhannich optrede moatte tsjin de predaasje. Eksters, krieën, murden, ferwyldere katten, wite rigers, earrebarren, foksen en wolven.
Se sille op in oantal brocht wurde moatte wêryn't de sjongfûgels, greidefûgels en alle oaren dy't se oan it útroeien binne beskerme wurde kinne. Soks freget om fisy, ynsjoch en ienriedich oparbeidzjen fan partijen. Kânsleaze missy dus. Dweilje mei de kraan potticht."