Twa ferwûnen by wenningbrân yn Drachten

By in brân yn in wenning yn Drachten binne freedtenacht twa minsken ferwûne rekke. Se hawwe reek ynazeme en binne nei it sikehûs brocht.
wenningbran yn Drachten
De brân yn it wenhûs oan de Fabriciuslaan yn Drachten wie koart, mar fûl. De brânwacht waard om tsien oer trijen oproppen. Earst soe der in ekstra spuitwein komme, mar om't it fjoer rap ûnder kontrôle wie, wie dat wie net mear nedich. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Dêr wurdt ûndersyk nei dien.
© De Vries Media