Miljoenetekoart driget foar gemeente Weststellingwerf

29 maaie 2020 - 21:35

Weststellingwerf moat besunigje, oars rint de gemeente dit jier tsjin in tekoart fan goed 2,5 miljoen euro oan. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders oan de gemeenteried.

Foto: Lourens Looijenga

De kosten foar it Sociaal Domein, soarch en wolwêzen, bliuwe heech en de gemeente moat maatregels nimme om tekoarten foar te kommen. Foaral as it Ryk net mei mear jild oer de brêge komt. Mei besunigingen op it sosjaal domein allinne komt Weststellingwerf der net, dêrom wurdt der sjoen wêr't noch mear jild op besparre wurde kin.

De gemeente hie oer ferline jier wol in tafaller fan hast alve miljoen euro, mar dat jild wurdt brûkt om tsjinfallers fan ferline jier fuort te wurkjen en om de reserve oan te foljen. Ut dy reserves wei kin Weststellingwerf jild helje om te ynvestearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)