Foarearst noch gjin besite foar finzenen yn Ljouwert

29 maaie 2020 - 21:22

Finzenen yn Ljouwert meie de kommende tiid noch gjin besite ûntfange. Minister Sander Dekker fan Rjochtsbeskerming hat freed bekend makke dat der fan 2 juny ôf in proef komt yn trije finzenissen, mar de PI yn Ljouwert sit dêr net by.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De proef mei de besite sil útfierd wurde yn de finzenissen fan Alphen aan den Rijn, Veenhuizen en Arnhem. Detinearren meie ien oere yn 'e wike ien besiker ûntfange. Dat bart skieden troch pleksyglês en besikers moatte yn it foar in fragelist ynfolje.

Ek yn tbs-kliniken en jeugdynrjochtingen wurdt begûn mei de proef. Fan 2 juny ôf wurdt dêr stadichoan ek wer begûn mei fysike besite.

De mooglikheden foar ferlof bliuwe beheind; finzenen meie allinne yn útsûnderlike situaasjes de finzenis ferlitte.

Utwurking op besmettingen

It ministearje wol mei de proef earst sjen hoe't dy útpakt, mei it each op nije positive coronabesmettingen. As dat tafalt, sil de regeling nei alle gedachten útwreide wurde. Dêroer wurdt op 16 juny mear dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)