Ljouwerter Ruterskertier krijt grutte terrassen, lijnbussen Arriva ride om

29 maaie 2020 - 20:33

De bussen fan Arriva sille yn it wykein omride om gruttere terrassen op it Ruterskertier yn Ljouwert mooglik te meitsjen. Dat is freedtemiddei bekend wurden nei oerlis fan de gemeente en plysje mei ûndernimmers út de útgeansstrjitte yn de Ljouwerter binnenstêd. Dy lêsten binne freedtemiddei al begûn mei wurksumheden, om te sjen hoe't se harren oardelmeterterrassen foarmjouwe wolle.

De tiid driuwt, want de terrassen geane al op pinkstermoandei iepen. Neffens Ton Eijer fan muzykkafee Scooters binne gruttere terrassen needsaaklik om foldwaande omset te meitsjen yn in tiid fan coronamaatregels.

"Band ynhiere kin net út"

Muzykkafee Scooters stiet bekend om de livemuzyk, mar konserten wurde foarearst net mear organisearre. Eijer: "In band ynhiere foar in publyk fan maksimaal tritich minsken kin net út. Boppedat, minsken mei net dûnsje of stean, dus dan moat ik in stik as tsien stuollen delsette foar it poadium."

Eijer is bliid dat syn kafee nei 2,5 moanne wer iepen kin, ek al is it dat sûnder livemuzyk. "Troch it terras bûten grutter te meitsjen, kinne we mei-inoar dochs noch sa'n 56 gasten ûntfange. Mei in bytsje gelok kin it dan krekt út", seit Eijer. De stuollen en taffeltsjes komme op oardel meter ôfstân op de stoepe te stean én op de rydbaan.

It terras fan muzykkafee Scooters mei stuollen en taffeltjes op oardel meter ôfstân - Foto: Omrop Fryslân

Alle hoarekagelegenheden oan it Ruterskertier dogge mei oan it eksperimint foar de gruttere terrassen. "Sa'n breed terras ha we hjir noch nea hân. Ik beskôgje it ek as takomstmuzyk. As it goed foldocht, kinne we hjir simmerdeis wol permanint in terrassebûlevaar oanlizze. Dat past ek by in útgeanssintrum as it Ruterskertier."

De ûndernimmers moatte ferplichte ien rydbaan frijhâlde foar de helptsjinsten, mar de bussen fan Arriva ride om. Eijer hopet dat nei ferrin fan tiid de bussen permanint in oare rûte kieze sille.

It Ruterskertier yn it sintrum fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Club Red oan itselde Ruterskertier hat gjin terras, mar giet likegoed iepen op pinkstermoandei. It wurdt bot wennen foar de meiwurkers, want de klup mei in kapasiteit fan in lytse tûzen besikers, mei no mar tritich gasten ûntfange. "We zien het als een proefperiode voor onze nieuwe formule", fertelt Simon Skarey fan Club Red. "Dansen kan nu niet. De naam wordt daarom veranderd in Red Lounge met extra banken en tafels."

Wa't yn de klup 'lounge' wol moat yn prinsipe reservearje. Skarey hopet dat er letter yn it jier wer gau mear besikers wolkom hjitte mei, want iepen wêze foar tritich besikers kin yn prinsipe net út.

Simon Skarey fan Club Red

(advertinsje)
(advertinsje)