Freedsmerk oer Pinkster: "We gean der wol op út, mar sykje de drokte net op"

29 maaie 2020 - 19:48

"We gean der wol op út, mar sykje de drokte net op." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de fraach nei de plannen foar de kommende pinksterdagen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"We gean mei de camper, dan binne we eigen baas. As it te drok wurdt, sykje we in oar plakje." In soad minsken wolle der eins hielendal net op út. "Moai wat yn de tún, ûnder de parasol, dan kin nimmen jo wat meitsje."

In meiwurkster fan Brownies & Downies moast wer oan it wurk en hie dêr och sa'n sin oan. In astmapasjint fertelde dat se de terrassen net opsykje sil en dat it har op de merk no eins ek wat te drok wie.

"Dode boel"

In man mei in fisuele beheining woe der krekt wol graach wer op út mei de tandem. Hy wie bliid dat de terrassen wer iepengean: "Anders is het maar een dode boel." In oare man hie hielendal gjin plannen en op de fraach wêrom net, sei er: "Ik kom van boven Dokkum."

En dan wie der ek noch immen dy't benammen ferlet hie om wer ris nei tsjerke. "Mar ja, we meie net sjonge. Dan lit ik dy beker noch mar eefkes oan my foarbygean. Dan mar sêft meisjonge by de telefyzje."

De Freedsmerk oer de plannen mei de pinksterdagen

(advertinsje)
(advertinsje)