Oane Galama, de 'man fan 100 miljoen', wol wer ljeppe

Oane Galama wol wer fierljeppe. Yn 2016 emigrearre Galama mei syn frou Renske Terwisscha van Scheltinga nei Nij-Seelân, en dêr is oardel jier lyn dochter Anouska berne. Sûnt febrewaris binne se wer werom yn Fryslân.
Besjoch hjirûnder de reportaazje:
Man fan 100 miljoen Galama wol wer ljeppe
De twafâldich Frysk- en Nederlânsk kampioen fierljeppen is wrâldferneamd wurden troch in filmke fan syn winnende FK-sprong út 2016. Dy fideo is fia de Amerikaanske webside Greatest Highlights op Facebook yntusken 100 miljoen kear besjoen en sa krige Galama de bynamme 'de man fan 100 miljoen'.
Besjoch hjirûnder de winnende FK-sprong:
De sprong fan 100 miljoen
Galama is yntusken 35 jier, mar hy tinkt dat it Nederlânsk rekôr fan 22.21 meter te ferbrekken is. De lêste kear dat hy yn aksje kaam, wie op it NK yn Burgum yn 2018. Dêr waard hy kampioen mei 21.40 m.
Besjoch hjirûnder foto's fan Galama yn Nij-Seelân:
Oane Galama is twafâldich Frysk kampioen fierljeppen. Yn Winsum pakte hy de titel yn 2015 en 2016. Galama wie ek twa kear de sterkste op it Nederlânsk kampioenskip. Yn 2012 wûn hy de NK-titel yn Drylts (20.63), en yn 2018 wûn hy it NK yn Burgum. Bysûnder, om't hy doe yn de simmer fanút Nij-Seelân in pear moanne efkes werom yn Nederlân wie. Yn Burgum pakte hy doe de titel mei in nij persoanlik rekôr fan 21.40 meter.