Militêre leechfleanrûte oer Fryslân skrast

29 maaie 2020 - 19:20

De militêre leechfleanrûte, dy't foar in part oer Fryslân giet en ûngefear fan Eanjum fia Drachten nei Meppel rint, wurdt skrast. Op freed hat steatssekretaris Barbara Visser de Twadde Keamer hjiroer ynformearre. Nettsjinsteande dat Definsje de rûte sûnt 2002 net mear brûkt, wie de opsje om de rûte wer yn gebrûk te nimmen sûnt de hjerst fan ferline jier wer yn byld.

Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Douwe Hoogland is optein oer it skrassen fan de rûte: "Ik bin bliid en tankber dat de steatssiktaris ynsjoen hat dat it better is om leechfleanrûte 10a, dy't sûnt 2002 al net mear yn gebrûk is, definityf te skrassen. Dêrmei hat hja ús sjenswize serieus nommen, en de moasje fan de Fryske Steaten ek. Dit is in boppeslach foar de natuer en de minsken yn dit part fan Fryslân."

Ein febrewaris namen Provinsjale Steaten in moasje oan dy't oprôp in breed droegen lobby te begjinnen om de leechfleanrûte fan tafel te krijen. It provinsjebestjoer joech hjir gehoar oan. Yn it trajekt lutsen gemeenten en provinsje mei-inoar op.

Papieren rûte

Lûdsoerlêst en potinsjele gefaarlike situaasjes by it loftfearterrein yn Drachten waarden yn 2002 troch Definsje opfierd om de rûte op te skoarten. Allinne bleau de rûte, dy't foar in part oer it easten fan Fryslân rûn, op papier altyd bestean. Yn it projekt Luchtruimherziening fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer & Wettersteat en Definsje kaam de rûte yn de hjerst fan 2019 wer oan bod.

In soad partijen woene dat de leechfleanrûte yn syn gehiel skrast waard. Yn it antwurd dat folge joech Definsje oan it ferlet te hawwen om de rûte wer yn gebrûk te nimmen. Oan it begjin fan dit jier die bliken dat de leechfleanrûte noch bûten it projekt Luchtruimherziening foel. Koart dêrop folge in moasje frjemd yn Provinsjale Steaten en in petysje. Troch it beslút fan steatssiktaris Visser wurdt it bestean fan de leechfleanrûte stopset.

FNP'er Knol: "Tige wiis mei dit resultaat"

Sijbe Knol (FNP) is ien fan de steateleden dy't drok dwaande wie mei ferskate aksjes tsjin it wer yn gebrûk nimmen fan de leechfleanrûte yn de foarm fan in petysje, in brânbrief en ek in lobby nei de Twadde Keamer. Knol wie yn febrewaris ek by it keamerdebat dêr't Visser sei noch 'in oantal moannen neitinke' te wollen oer it al as net definityf skrassen fan de rûte.

In datum hinget se der noch net oan, mar Visser skriuwt wol dat de rûte definityf opheft wurdt. De steatssekretaris skriuwt der by dat de needsaak om te oefenjen bliuwt en dat der mooglik letter socht wurde sil nei in oare oefenlokaasje. Knol makket him dêr mar net al te drok om. "Dat mei sa wêze, mar wat opheffe is earder klear as wat nijs yn gebrûk nimme, dat wy binne tige wiis mei dit resultaat."

(advertinsje)
(advertinsje)