Shell set útein mei bou sinnepark oan súdkant fan It Hearrenfean

29 maaie 2020 - 17:46

Oaljebedriuw Shell is freed oan de súdkant fan It Hearrenfean offisjeel úteinset mei de oanlis fan in sinnepark fan 20 bunder en in kapasiteit fan 14 megawatt. De plannen soargen earder foar de nedige krityk fan omwenners en de polityk, mar de bou mocht dochs trochgean. Foar it ein fan dit jier moat it park klear wêze.

Mei de 34.000 sinnepanielen fan it park kin fiif persint fan de ynwenners fan de gemeente Hearrenfean foarsjoen wurde fan elektrisiteit. It is it earste park fan Shell bûten it eigen bedriuweterrein Moerdijk by Rotterdam. Shell wol mei de sinneparken in rol spylje yn de Nederlânske enerzjytransysje en sjen litte dat in sinnepark op lokaal nivo bydrage kin oan it Nederlânske klimaatakkoart. De gemeente Hearrenfean wol yn 2030 graach 40 persint fan de enerzjy sels opwekje.

Ynpast yn lânskip

It sinnepark sil soarchfâldich ynpast wurde yn it lânskip, seit presidint-direkteur Marjan van Loon fan Shell. "Er is een landschapsarchitect mee gaan kijken. Die heeft gekeken naar hoe het het park hier past en advies gegeven." Dat advys resultearre yn it plantsjen fan ekstra beammen, romte jaan oan grien tusken de panielen en ekstra boskjes oanlizze op en om it terrein hinne.

Earder hiene de polityk en omwenners krityk op de plannen foar it sinnepark. Der soe natuer opoffere wurde foar in fersmoargjend bedriuw. Dêrnjonken soenen de panielen te heech wêze en soe it hekwerk net by de omjouwing passe.

Bioferskaat

It is de bedoeling dat it sinnepark by It Hearrenfean bydrage sil oan it bioferskaat. Naturalis Biodiversity Center hat earder al ûndersyk dien by it sinnepark fan Shell yn Moerdijk. Dit ûndersyk is ferlinge en fierder útwreide nei it Fryske sinnepark. De ynsichten út it ûndersyk yn Moerdijk wurde brûkt by de oanlis. Der wurde wol de nedige ferskillen ferwachte yn bioferskaat tusken It Hearrenfean en Moerdijk. Fryslân is fansels agraryske grûn en Moerdijk yndustriële grûn.

It sinnepark komt noardlik fan it rivierke De Tsjonger, net fier fan Nijskoat.

(advertinsje)
(advertinsje)