Wettertekoart driget troch drûchte, wetterskip nimt maatregels

29 maaie 2020 - 17:36

Wetterskip Fryslân nimt maatregels fanwege de drûchte. It wetterpeil yn de marren en kanalen giet mei fiif sentimeter omheech, om mear wetter fêst te hâlden. Dat is nedich omdat der minder wetter fanút de grutte rivieren nei de Iselmar komt en der in wettertekoart driget, as de drûchte oanhâldt.

It driget dit jier noch drûger te wurden as foarich jier - Foto: ANP

Op dit stuit is der noch genôch wetter beskikber. Dêrom lit it wetterskip no ekstra wetter yn út de Iselmar. Dêrmei wurdt it wetter yn de marren en kanalen oanfolle en bliuwt de kwaliteit goed. Dêrwei wurdt it wetter wer ferdield oer sletten en fearten.

'Stim wettergebrûk ôf'

It wetterskip freget boeren en oare grûnbrûkers om it wettergebrûk ûnderling ôf te stimmen. Want as se allegear tagelyk it lân bereine, kin der wettertekoarten ûntstean. "Samenwerking is belangrijk om lokaal watertekorten te voorkomen", seit Jan van Weperen fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. "Niet iedereen moet op hetzelfde moment beregenen, dan gaan de slootpeilen onderuit. En beregen op zonnige dagen 's avonds en 's nachts in plaats van overdag. Anders gaat er veel water verloren door verdamping."

Dizze maitiid fan 2020 is noch hieltyd hiel drûch. Der is in delslachtekoart fan sa'n 140 milimeter.

(advertinsje)
(advertinsje)