PODCAST: 'De nachtmerje'

29 maaie 2020 - 17:01

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze njoggentjinde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'De weddenskip'.

Oflevering 19: De nachtmerje

In grutfeint en in lytsfeint hawwe it by in boer goed nei it sin, mar it falt wol op dat de grutfeint hieltyd meagerder wurdt. As de lytsfeint dêr nei freget, hat er in nuver ferhaal: hy seit dat er alle nachten ophelle wurdt troch in wyt hynder en dat er dan de hiele nacht op dat hynder ride moat. De lytsfeint is goed tûk en hat fuortendaliks in fermoeden. Hy biedt oan om yn it plak fan de grutfeint te gean. En ja hear, midden yn 'e nacht wurdt er út bêd helle en moat er op in moai wyt hynder ride. Dat docht er, en op de weromreis giet er by de smid oan. Hy lit de twa foarskonken fan it hynder beslaan. De oare deis komt er der achter dat der wat oan 'e hân is mei de boer syn frou....

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify.

Sjoch foar mear ynformaasje en alle oare ôfleveringen fan Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(advertinsje)
(advertinsje)