VV Dokkum: lit ús no meiprate oer ûntwikkeling fan Hurddraverspark

29 maaie 2020 - 16:56

Fuotbalferiening Dokkum wol graach om tafel mei de gemeente Noardeast-Fryslân om te praten oer wat der mei it Hurddraverspark gebeure moat. VV Dokkum spilet dêr har wedstriden, mar de gemeente wol graach dat op dat plak romte komt foar oare rekreaasje.

It Hurddraverspark yn Dokkum - Foto: Google Street View

Tongersdei waarden fjouwer senario's presintearre oan de ried fan Noardeast-Fryslân. Yn trije fan dy senario's is der gjin plak mear foar sportklups op it Hurddraverspark. Se soene dan ferhûzje moatte nei it Tolhuispark, it kompleks fan Be Quick Dokkum.

Dat is net nei it sin fan ûnder oare VV Dokkum en keatsferiening Oostergo, dy't just op dat plak bliuwe wolle. "Dat is het beste voor de club", seit foarsitter Herman Bakker fan VV Dokkum. "Ons achterland is het Fûgellân, daar komt onze aanwas vandaan. Ons standpunt is altijd geweest dat we op het Harddraverspark willen blijven. In de voormalige gemeente is ook afgesproken dat er geen gedwongen verhuizing plaats zou vinden."

Yn it lêste fan de fjouwer senario's feroaret der hielendal neat. Mar dat is neffens Bakker ek gjin opsje, want de foarsjennings binne bot ferâldere. "Dan stort alles in."

Dokkum baalt der ek bot fan dat de klup net belutsen is by de ûntwikkeling fan de senario's. "We kregen te horen dat we helemaal geen stakeholder meer zijn. En wethouder Van Esch legt nu naast zich neer dat er geen gedwongen verhuizing plaats zou vinden."

Wol of gjin ekonomyske ûntwikkeling

Engbert van Esch sprekt dy beskuldiging net tsjin, mar wol gjin 'wolles-nettes-spultsje' spylje. "De kearnfraach is: wolle we it Hurddraverspark ûntwikkelje foar de ekonomyske ûntwikkeling fan de binnenstêd? Dêr moat de ried antwurd op jaan. De senario's dy't no presintearre binne, binne net yn beton getten. Mar we moatte in kar meitsje: wol of net ûntwikkelje? Dan witte we hokker kant we op geane."

We willen best ruimte inleveren, maar de sportvoorzieningen moeten er blijven.

Foarsitter Herman Bakker fan VV Dokkum

Dêr is Bakker it op himsels wol mei iens. "Wij zijn ook voor ontwikkeling van de binnenstad", seit er. "Maar eerder hebben we ook al water bij de wijn gedaan en ruimte gelaten voor toeristische ontwikkeling. We willen best ruimte inleveren, maar de sportvoorzieningen moeten er blijven. Ik roep alle partijen op om nog eens met elkaar om tafel te gaan."

Van Esch bliuwt derby dat ferhûzje nei it Tolhuispark gjin gek idee is. "Dêr is in moaie gelegenheid foar sportkonsintraasje, dat is in hiel moai park. Yn de sketsen sjoch ik mooglikheden, mar der sil wat wetter by de wyn moatte."

It belangrykste is om yn petear te bliuwen, beslút Bakker. "Dat is het beste voor de werkgelegenheid én de sport in Dokkum."

(Advertinsje)
(Advertinsje)