Brânwacht hellet man út brânend hûs yn Hantum

De brânwacht hat freed in man út in brânend hûs yn Hantum helle. De man is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. It is net bekend hoe't hy deroan ta is.
© De Vries Media
De brân wie yn in frijsteand hûs oan de Tsjerkestrjitte yn it doarp. Brânwachtploegen út Ternaard en Dokkum ha holpen mei it bestriden derfan. De strjitte hat tydlik ôfsletten west.
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.