Hegeskoalle Van Hall Larenstein foar de tredde kear op rige de duorsumste

29 maaie 2020 - 15:28

It lanlik studinteplatfoarm Studenten voor Morgen hat Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert foar it tredde jier achter elkoar útroppen ta meast duorsume hegeskoalle fan Nederlân.

Foto: Omrop Fryslân

By it beoardieljen fan de ûnderwiisynstellingen wurdt sjoen nei hoe't dy duorsumheid belûke binnen it ûnderwiis, ûndersyk en de bedriuwsfiering. Van Hall skoarde hast alle punten dy't der te beheljen wiene: 341 fan de 350.

(advertinsje)
(advertinsje)