Dartbûn lûkt stekker út ynternasjonaal darttoernoai yn Ljouwert

29 maaie 2020 - 15:26

It grutte ynternasjonale darttoernoai fan de PDC dat yn septimber yn Ljouwert hâlden wurde soe, is ôfsein. Dat hat it profesjonele dartbûn freed bekend makke. Fanwegen de coronakrisis kin it evenemint yn it WTC Expo net mear trochgean.

It WTC Expo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It hie foar it earst sûnt 2007 west dat de ynternasjonale darters fan de PDC wer nei Fryslân komme soene. Doe waard yn Thialf op It Hearrenfean foar it lêst in grut toernoai hâlden.

Tefolle publyk

Neffens algemien direkteur Peter Ourensma fan it WTC Expo koe it eins net oars dat it darttoernoai mei de hjoeddeiske coronamaatregels net trochgean koe. Dêrfoar soe der fierstente folle publyk op ôfkomme.

Njonken it grutte toernoai, de European Tour, stiene der yn septimber yn Ljouwert ek noch twa Players Championships op it programma. It is noch net dúdlik oft dy fliertoernoaien wol spile wurde.

Takom jier wol

Ourensma hat fan de PDC wol te hearren krigen dat it dartbûn yn 2021 wol wer graach nei Ljouwert komme wol. Minsken dy't in kaartsje kocht hiene, kinne dat takom jier gewoan wer brûke neffens it bûn.

(advertinsje)
(advertinsje)