Jong en âld prate oer de oarloch: "Er zijn parallellen tussen toen en nu"

29 maaie 2020 - 15:08

Nerveus, dat wie Sean Bouma doe't er foar it earst rjochting Annie en Harry Stinis ried. Sean en Annie ha beide in trauma: se ferlearen harren heit fierstente betiid. Dy fan Annie waard fusillearre by Dronryp, Sean syn heit krige in harsenblieding en is samar stoarn. It maatsjesprojekt fan sjoernalist Auke Zeldenrust brocht harren ferhalen byinoar. Se binne ûnderdiel fan de útstalling Oog in oog met oorlog yn it Fries Museum.

Sean Bouma - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Njoggen learlingen waarden keppele oan minsken mei in ferhaal út de oarloch. Dy fan Sean en Annie kamen goed oerien. Sean: "Wij konden goed praten over wat we meegemaakt hebben. Het was ook heel herkenbaar. Ik had in het begin ook moeite om over mijn verlies te praten. Dat lukte met Annie en Harry beter dan ik had verwacht."

Annie: "Ik heb te veel herinneringen aan de oorlog. Ik was erbij toen mijn vader werd opgehaald van huis. Dus, ja, dat zijn herinneringen die nooit meer weggaan. Ik heb er heel lang niet over kunnen spreken."

Bier nei in rûnlieding

"Ik heb hem meegenomen de stad door en hem de verhalen verteld over de oorlog in Leeuwarden", seit Harry Stinis. "Over de Blokhuispoort en de ontsnapping, over de luisterpost. Na onze wandeling zijn we als echte maten lekker op het terras gaan zitten en hebben we een biertje gedronken." Stinis is in rinnende ensyklopedy oer de oarloch. Dêr kaam Sean ek achter mei de stedskuier: "Ik heb veel dingen gehoord waar ik geen weet van had. En dat je zo'n dag dan afsluit met een biertje is ook echt mooi."

Harry en Annie Stinis - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De maatsjes binne oaninoar keppele troch sjoernalist Auke Zeldenrust. Hy is de inisjatyfnimmer fan it projekt: "Myn gedachte wie dat dizze generaasjes inoar no noch moetsje kinne. Aanst kin dat net mear, dan hat de tiid har ynhelle. No kinne se inoar ferhalen fertelle. Oer hoe't it op skoalle wie, mar ek: hoe wie it yn de oarloch? Sa ûntsteane prachtige petearen."

Parallel mei de tiid fan no

Harry sjocht in soad gelikenissen tusken de beide generaasjes. "Als ik de krant open sla, zie ik oorlog. Dan gaat bij mijzelf ook een film draaien over die periode. Er is geen verschil. Sean leeft in de tegenwoordige tijd en moet nog een flink eind verder. Dan is het toch interessant dat je ziet dat er parallellen zijn tussen hoe wij met die tijd omgaan en hoe zij dat nu doen. Over hoe je omgaat met mensen die nu bijvoorbeeld uit Syrië komen. Die ook getraumatiseerd zijn. Dat het belangrijk is dat je met die mensen gaat praten."

Prate helpt

Sean is it dêrmei iens. Hy hat sels ek fernaam dat prate echt helpt: "Ja, echt. Dit was voor mij voor het eerst dat ik er heel open over was. Dat heeft mij heel erg geholpen. Ik heb dat ook van andere mensen gehoord. Dat praten helpt."

It ferhaal hinget dus no yn it Fries Museum. "Dat vind ik echt heel erg bijzonder", seit Sean. "Ik ben er heel erg blij mee dat mensen hier interesse voor hebben."

It Fries Museum giet moandei wer iepen foar it publyk. De útstalling is dan te besjen. Yn ferbân mei de coronamaatregels moatte je yn it foar wol online in plak reservearje.

(advertinsje)
(advertinsje)