Hilda Talsma skriuwt kadoboek fan 2021: "Frysk is al in kado op himsels"

29 maaie 2020 - 12:10

Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten skriuwt it Fryske kadoboek fan 2021. "De Fryske taal is foar my al in kado op himsels", seit Talsma. "Fiele, tinke, prate, lêze en skriuwe yn myn eigen taal, ik wurd dêr hiel gelokkich fan."

Foto: Siska Kroondijk

Yn 2011 ferskynde Talsma har earste roman 'De Twadde Hûd'. In jier lyn brocht se har njoggende roman út, 'De Onnie's en it hynstebal'. Neist skriuwster is Hilda Talsma ek fêste kollumnist op de freed by Omrop Fryslân.

It kadoboek fan Talsma ferskynt op 6 maart, oan it begjin fan de Boekewike. Troch in gearwurking tusken de CPNB en Boeken fan Fryslân ferskynt dan ek it nasjonale boekewikegeskink fan de jonge skriuwster Hanna Bervoets yn it Frysk.

Optredens rûnom yn de provinsje

Op it Boekefeest fersoarget Talsma mei in tal oare Fryske skriuwers in optreden. Nei it Boekefeest binne oant en mei 27 maart 2021 rûnom yn de provinsje optredens fan dizze skriuwers.

It kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en wurdt yn 2021 útjûn troch útjouwerij Elikser.

(advertinsje)
(advertinsje)